Additional menu

Keningskeatspartij 30 april 2017

    Keningspartij 30 april 2017
    Snein 30 april wurdt de fjirde Keningskeatspartij op it keatslân hâlden. Moarns om 10.30 stjit de kofje mei wat er by klear. Om 11 oere wurdt der keatst. Elts kin meidwaan, ek net-leden, fan kabouter oant supersenior. Ôfhanklik fan de dielname wurdt besocht dat elk op har/syn nivo keatse kin. Om it fjild hinne wurdt noch ien en oar organisearre, sadat het foar elts in gesellige dei wurdt. Op de website fan Keatsferiening Wommels folget letter mear ynformaasje.

    X