Additional menu

KF en de Coronacrisis

  • kf en corona

Bêste leden fan de KF Wommels,

Allerearst hoopje wy dat jimme allegear yn goeie sûnens ferkeare. Ein april hienen wij graach de start meitsje wollen mei it keatsseizoen fan 2020. Spitich genoch is dit, troch de hjoeddeistige rigels roen it Corona firus, net mooglik. Wy nimme it advys fan de KNKB oer. Dit hâld yn dat der t/m 1 juni gjin keatsaktiviteiten plakfyne sille en dat it stek fan’t keatsfjild yn Wommels oan’t die tiid ticht bliuwt. Yn ferbân mei de ôfdracht oan’e KNKB en de fêste lêsten, sil de kontribúsje lykas oare jierren gewoan sammele wurde. Op disse wize hoopje wy de kosten mei-inoar te dragen. Mochten hjirby problemen ûntstean, nim dan efkes kontakt op mei it bestjoer om ta in geskikte oplossing te kommen. Yn disse ûnsekere tiid is it lestich om op’e planning foarút te sjen. Dêrom is beslúten dit jier gjin programmaboekje út te bringen. Wy hâlde jimme safolle mooglik op’e hichte fia social media (Webside, Facebook, Instragram). Sadra it wer mooglik is, sille wy fol enthousiastme (mar stadich oan) wer in start meitsje mei ús aktiviteiten. Ek hjirfan sille wy jim op’e hichte stelle. Ynkoarten in update rûn om de jeugdtrainingen die’t mooglik wol trochgean kinne.

Freonlike groetnis, It bestjoer fan KF Wommels

X