Oankommende tongersdei wurd it kompetysjekeatsen wer op it keatsfjild ofwurke!!! De utslaggen fan de KNBK wedstriden fan it ofroune wykein: By de froulje HK wie der alwer de krans foar Sjanet, dit is alwer de 5e op in rij foar har partoer. By de froulju 1ste klas wie it in moai wykein foar Anna-Brecht, sy hie de 2e priis by it t.i.l. en de krans mei har f.f.partoer, hjirtroch rjochtstreekse pleatsing foar de froulju’s pc op 22 augustus. Nei Sjanet en Martzen is sy nummer trije die hjir dit jier oan mei docht. Har suske Hester stjit tongersdei yn de keats-off om te prebearjen de fjirde Wommelser te wurden. Fierder wie der by de pupillen A-klasse ek in 2e priis foar Milan. Allegearre lokwinske en Hester in protte sukses. Fierder is der woansdei de revanche freule, wer Wommels ek aktyf weze sil, sukses mannen. Dan sneon noch de manlju 50+ yn Wommels, wer ek in 3-tal Wommelser toppers yn’t fjild komme, dus wer genoch te belibjen.