Additional menu

Kompetysjekeatsen (1)

    Ôfrûne tongersdeitejûn binne wy úteinsetten mei it kompetysjekeatsen foar de senioaren. It waar hold net oer mei hagel en kjeld. Mar doe’t de lêste heilstiennen fallen wiene, binne wy dochs it fjild op gien. Útsein Durk Klijnsma, hy doarde it net oan. Hy moast ôfrûne moandei fansels ek fjouwer kear keatse, ja ek do wurdst âlder Durk. De partij tusken ..

    Jelle Jan Sybrandy en Jort Strikwerda tsjin Jan Mulder en Bouke Fopma wie samar foarby. Jan en Bouke koene it perk noch net hielendal fine. Moat sein wurde dat it perk ek krekt wat smeller wie as oars. Bouke syn opslach rekke dan ek leafst fiif kear de perkline. It waard 5-0 6-0.

    De partij tusken Menno Eringa en Johan Bos tsjin Cornelis Bruinsma en Broer Greidanus wie in soad spannender. Nei in stroef begjin fan Menno en Johan hellen sy knap by mar koene it krekt net rêde, it waard 5-5 6-4 foar Cornelis en Broer. Jim kinne de stân fine ûnder ynformaasje en dan kompetysjekeatsen.

    X