Additional menu

Kompetysjekeatsen 2016

    Oan it ein fan ferline jier einige ik it ferslach mei de folgjende wurden; “De opkomst wie dit jier al stikken better as foariche jierren mar wy ferwachtsje takom jier wer krekt wat mear keatsers. Tank en oan’t takom jier”.

    No, dat is slagge.

    • Yn 2015 10 kompetysjejûnen, yn 2016 13 kompetysjejûnen.
    • Yn 2015 totaal 26 ferskillende keatsers, yn 2016 36 keatsers.
    • Yn 2015 gemiddeld 10,5 keatsers op it fjild, yn 2016 12,5 keatsers.

    Wat dit oanbelanget sit it kompetysjekeatsen yn ‘e lift. Wy ha leuke partijen sjoen, in soad wille hant en ik hoapje dat dit folgjend jier trochsette mei. De priiswinners binne als folgest;

    3e priis: Jan de Vries 47 foar, 45 tsjin

    2e priis: Gerrit Postma 55 foar, 46 tsjin

    1e priis: Jelle de Vries 62 foar, 45 tsjin

    1e priis: Aaltje Postma 35 foar, 25 tsjin

    De gânske útslach is hjir te finen.

     

    Keatsferiening Wommels

    Jort Strikwerda

    X