Additional menu

Kompetysjekeatsen (6)

    Dit wie net ronde nûmer 6 fan it kompetysjekeatsen, mar dit is it sechsde ferslach fan it kompetysjekeatsen. Us skriuwer hie efkes skoft. Ofrûne tongersdei ien perkje fol, Jort Strikwerda en Pieter Vellinga tsjin Jurjen Eringa, Tjeerd de Vries en Jelle Wiersma. Jort en Pieter keatsten deeglik mar krygen dochs ek genôch kado. It waard úteinlik 5-1 6-4 foar Jort en Pieter. Pieter Vellinga blykt in diesel te wêzen, want nei 4 ferliespartijen wint hy 2 kear op rige. Oankommende tongersdei alwer de lêste kompetysjejûn. It soe dan ek moai wêze ot eltsenien dy’t dit seizoen mei keatst hat dizze lêste kear ek komt. Dan meitsje wy der in moaie jûn fan. En spannend yn de einstân is it seker, der fjochtsje noch 4 keatsers om it twadde plak. Fansels begjinne wy wer om 19.30 oere.

    X