Dit wie net ronde nûmer 6 fan it kompetysjekeatsen, mar dit is it sechsde ferslach fan it kompetysjekeatsen. Us skriuwer hie efkes skoft. Ofrûne tongersdei ien perkje fol, Jort Strikwerda en Pieter Vellinga tsjin Jurjen Eringa, Tjeerd de Vries en Jelle Wiersma. Jort en Pieter keatsten deeglik mar krygen dochs ek genôch kado. It waard úteinlik 5-1 6-4 foar Jort en Pieter. Pieter Vellinga blykt in diesel te wêzen, want nei 4 ferliespartijen wint hy 2 kear op rige. Oankommende tongersdei alwer de lêste kompetysjejûn. It soe dan ek moai wêze ot eltsenien dy’t dit seizoen mei keatst hat dizze lêste kear ek komt. Dan meitsje wy der in moaie jûn fan. En spannend yn de einstân is it seker, der fjochtsje noch 4 keatsers om it twadde plak. Fansels begjinne wy wer om 19.30 oere.
Kompetysjekeatsen (6)
Mear nijs
Steun onze kaatsvereniging met Dappre
13 oktober 2026
Freule – weromblik
16 augustus 2026
Nachtkeatsen freed 21 augustus
16 augustus 2026
Vacature: bestuurslid KF Wommels
28 maaie 2026
Straatkaatsen – Wommels
27 maaie 2026



