Tinke jimme noch oan de opjeftes foar it nachtkeatsen (sluting is woansdei) en de Bouke Fopmapartij (fol by 40 partoer). Fierder de priiswinners KNKB fan ofroune wykein. By de froulju HK wie der in 2e priis foar Martzen en in 3e foar Sjanet. By de famkes f.f. wie der in 2e priis foar Rixt en by de pupillen A-klasse wie der in 2e priis foar Milan. Fierder hiene wy in Wommels de 50+ mei in grut oantal dielnimmers. Jan Weijer die foar de earste kear mei en kaam drekt in de krans, geweldich!!! Allegearre fan herte lokwinske. En fansels is der woansdei de froulju’s PC, Hester koe it mei har maten spitternoch net winne yn de keats-off, dus hawwe wy noch trije Wommelser toppers yn’t striidperk. Sjanet, Martzen en Anna-Brecht, krije we dit jier wer in Wommelser yn’e krans??? Froulju, in hiele protte sukses.
Mear nijs
Steun onze kaatsvereniging met Dappre
13 oktober 2026
Freule – weromblik
16 augustus 2026
Nachtkeatsen freed 21 augustus
16 augustus 2026
Vacature: bestuurslid KF Wommels
28 maaie 2026
Straatkaatsen – Wommels
27 maaie 2026





