Sûnt de algemiene ledegearkomste fan 8 april hat ús feriening twa nije bestjoersleden. Sybren Hoekstra fan Wommels en Douwe Kooistra fan Kûbaard. Sybren is by de measten wol bekend, hat al hjerder yn it bestjoer sitten en is ûnder oare ferantwurdlik foar ús fjild, gebou en kantinebesetting. Douwe is ús nije wepmaster. Ôfrûne moandei by de Keningspartij wie Douwe lyk ol wedstriedlieder en ek fotograaf. Al gie dat lêtste Douwe net maklik ôf. In nij seizoen en dus ek nije batterijen yn it fototastel. Mar Douwe kryg it net oan de praat. Wat bleek, hy wie eefkes fergetten dat in batterij in + en in – side hat. Douwe kryt foar syn ynset dan ek in + mar foar de útfiering in – .