Additional menu

Notulen neijiersgearkomste 2013

    De foarsitter Anske Stapersma iepend de 111 ste leden fergadering. Der binne 5 bestjoersleden en 21 leden oawêsig. Appie Postmus en Pier Zijlstra ha witte litten net te kommen.

    Notulen foarjiersgearkomste 20 maart 2013:

    It ferslach dat eltenien op de wedside lêze kinnen hat wurdt sûnder op- as oanmerkingen fêststeld en de foarsitter betanket de skriuwster.

    Ynkommen stikken en meidielingen:

    Der is oerliz west mei dhr. Gerard Kloosterman oer de draaimolen by de Freule.

    Ferslach kompetysje 2013:

    Egbert docht ferslach fan de kompetysje. De opkomst wie net sa grut.  Sa no en dan diene der 2 froulje mei. Der bin dit jier dan ek allinne prizen foar de mannen.

    ·         1e priis foar Jort Strikwerda;

    ·         2e priis foar Broer Jacob Greidanus

    ·         3e priis foar Menno Eringa.

    Foar takommend jier moatte we prebearje wer meer op komst te krijen. Ideëen binne wolkom.

    Egbert wurdt betanke foar syn ferslach.

    Ferslach jeugdkommisje:

    Anita van der Wal docht oan de hân fan in powerpoint presentaasje mei muziek it ferslach.         It ferslach wurdt tahekke oan dit ferslach. Alles komt foarby mei mooi foto’s, trainingen, wedstriiden en kompetysje.

    Anita wurdt betanke foar it meitsjen fan dit ferslach.

    Ferslach karmasterkommisje:

    Tineke Huitema docht ferslach (sjoch bylage).

    Jeanet Bos en Theunis Boonstra stopje mei har wurk foar de karmasterkommisje, se bliuwe de Freule karmasters wol dwaan. We moatte dus op syk nei nije minsken foar yn de karmasterkommisje.

    Skoft mei ferlotting.

    Oereidzjen Freule 7 augustus 2013:

    It hat de hiele simmer mooi waar west. Spittich dat op de freule dei healwei de moarn it begoen te reinen en dat it net wer droech wurden is. Lokkich bliuwden der in protte minsken sjen nei it mooie keatsen fan de jongens. Omrop Fryslân wie ek wakker te sprekken.

    De freule fan 2013 kin finansjeel ek positief ôfsluten wurde. Hessel Hofstra jout in presentaasje oer de freule besikers en de  kaartferkeap fan de lêste jierren.

    Fanút de leden wurdt de fraach stelt wat it belang is fan it útstjoeren fan de freule op omrop frylân. As KF moatte we hjirfoar betelje en mooglik bliuwe minsken thus foar de tv sitten en komme net nei Wommels. As bestjoer sille wy hjir kritysk nei sjen foar 2014.

    Belied foar de takomst:

    Nei oanlieding fan de plannen dy as presenteerd binne yn nov. 2012 jout de foarsitter in taljochting op de stân fan saken oan’t  no ta.

    • It keatsen: om de jeugd meer fanút de basis nei de top te krijen is de JC dwaande mei ny trainersbelied.
    • Kommunikaasje: foar de nije webside binne 3 offertes oanfrege. Streven is dat de side op 1 jannewaris de loft yn kin. De wurkgroep hat net goed funktioneert. Egbert sil dit wer flotlûke.
    • Frijwilligers: dit ferrint oan’t no goed. Pier Zijlstra regelt foar de freule allinne nog de parkeerwachters. Der sil dus in nije man/frou socht wurde moatte om Appie Postmus te helpen.
    • Freule: gelûd yn de A-tribune is net goed, der wurdt foar 2014 in headset brukt. Der komme tagongskaarten mei in ôfskour strook.
    • Bestjoer en organisaasje: it is nog steeds net slagge om minsken foar de TC te krijen, spitich. FAnút it bestjoer wurdt der troch elk lid in kommisje oenstjoerd. Helaas binne der nog steeds fakante plakken yn it bestjoer.
    • Janneke van der Wal komt it bestjoer as skriuwster fersterkjen per 1 jannewaris. Yn de foarjiersgearkomste mei sy dan keasen wurde troch de leden.
    • Jeugd: der is in sponsor foen foar de troch elkoar lotters shirt,  Afscheidscentrum Andringastate. Jan Klaas Faber hat der foar soarge dat op 1 maaie de jeugd yn in nij shirt keatse koe.

    Praatstikken foar de Algemiene Gearkomste KNKB 21 novimber 2013:

    Der is in nije sponsor foar de KNKB; FB Oranjewoud.

    De financiele saken fan de KNKB kinne opfreege wurde by de foarsitter en/of ponghalder fan de KF.

    As bestjoer ha wy soarch oer it belied/visie m.b.t. de jeugd.

    As KF betelje wy € 500,= foar omrop fryslan, ek om reklame te meitsje foar it keatsen. De KNKB wol hjir net oan mei betelje.

    De KNKB wol in regel oanimme om yn in hegere leeftiid kat. Dielnimme te kinnen. Dit wurdt yn stemming brocht yn de fergadering, we binne tsjin. Dit wurdt meinommen nei de KNKB fergadering .

    KNKB wedstriidkalinder 2014:

    Ien en oar wurdt trochnommen, der binne gjin fragen/opmerkings.

    Omfreegjen:

    Gerlof Ykema:

    wat is de status fan de Igge?

    De KF is nog steeds yn petear.

    Hans Klynsma:

    Is der gjin keningspriis meer by de Alle de Jong partij?

    Nee.

    Murk Viersma:

    kin de frijwilligers- en huldigingsjûn ek  op 2 mominten?

    As bestjoer nimme we dit mei.

    Menno Eringa:

    kinne der ek wylde partijen yn Wommels komme?

    We nimme dit mei.

    Jan Bootsma:

    mei it skeef opslaan nog?

    Ja.

    Anne Brouwer:

    kin de NK foar senioren yn 2015 ek troch de KF organiseare wurde?

    We nimme dit mei

    Sluting:

    Om sawat 22.00 oere  slút de foarsitter de fergadering en betanket  elts foar syn of har ynbring. We prate ûnder in drankje nog wat nei.

    Bijlagen:

    Printbare versie van de notulen

    X