Additional menu

Ofroune snein de Wheaganpartij

  • Wheagan 1
  • Wheagan 2
  • Wheagan 3
  • Wheagan 4

Sneon 16:00 oere begûn de Wheagan partij foar de senioren.  It sintsje kaam der by, dus koenen wy los! 9 partoer stiene der op de list. De earste partijen wienen allegear wol spannend, 5- 3 of 5-4. Tuskentroch efkes in broadsje hamburger of knakworst.  De partoeren Durk, Jeannet en Haye Jan, Jan Friso, Gerlof Jan en Aaltje, Sybren Beert, Douwe en Marije en Bouke, Jelle en Jan gongen troch ien de winnaarsronde. Partoer van Tjeerd, Jan en Jelle Jan bleauwen de eerste partij stean.  De twadde partij ferlearen sy, mar stroomden se toch troch yn de ferliezersronde.

De 2e omloop wie it partoer van Jan Friso en it partoer van Durk it beste. Yn de ferliezersronde gong it partoer van Gerrit , Baukje en Djoeke tsjin Bertus, Jelle en Pieter. Dit waard wûn troch it partoer van Gerrit, sy bleauwen fuortendaliks stean en stoenen al ien de finale van de ferliezersronde.  Partoer van Jan, Lourens en Marrichje tsjin Wiebe, Johan en Johan, dit waard wûn troch it partoer van Jan.

De 3e omloop moest it partoer van Jan, Lourens en Marrichje tsjin Tjeerd, Jan en Jelle jan. Dit waard in spannende partij, mar toch krekt wûn troch it partoer van Jan.

Yn de finale van de winnaarsronde sieten it partoer van Durk tsjin it partoer van Jan Friso. It partoer van Durk makke weinig fouten en sy wûnen ek vliegend.  Ien de finale van de verliezersronde gong de strijd tusken it partoer van Jan en it partoer van Gerrit. Alle keren wie it 6 -6 gelyk en elke kear waard it earst pakt troch it partoer van Jan. Eindstand wie dus ek 5 -1. It wie in moaie keats middei & jûn!

 

1e priis: Durk, Jeannet en Haye Jan
2e priis: Jan Friso, Gerlof Jan en Aaltje

1e priis verliezersronde: Jan, Lourens en Marrichje
2e priis verliezersronde: Gerrit, Baukje en Djoeke

X