Additional menu

Parseberjocht fan it bestjoer

    Keatsferiening Wommels fiert aksje foar mear frijwilligers

    Keatsferiening Wommels fynt it hawwen van belutsen leden fan grut belang. It soe moai weze at elk lid iets bijdraagt en dat dêrnjonken de talinten fan de frijwilligers sa goed mooglik wurde benut. Mei stipe fan de frijwilligerskommisje besiket Keatsferiening Wommels te soargjen foar in sa optimaal mooglike besetting fan de ferskillende funksjes binnen de feriening. It is dêrby wichtich dat de taken oer safolle mooglik frijwilligers wurde ferdield. Protte hannen meitsje ommers ljocht wurk. Mei help fan de oanpak “Meer Vrijwilligers in Korte Tijd” fan Sport Fryslân giet Keatsferiening Wommels meikoarten nije frijwilligers bine.

    Foarsitter Douwe Kooistra jout oan “Keatsferiening Wommels is in bloeiende feriening. In feriening mei ambysje. Dy ambysje bringt mei him mei dat der mear frijwilligers nedich binne om de doelen fan de feriening te berikken. Wy hawwe ynventarisearre foar hokker taken binnen de feriening mear hannen winske binne. De taken die binnen de feriening ferrjochte wurde binne sear divers. Dêrtroch is der foar elk lid dat syn of har stjintsje wol bydragen wol in kerwei nei winsk”.

    Meer Vrijwilligers in Korte Tijd cursuslieder Rainer de Groot: “Frijwilligerswurk is it fûnemint fan de sport. De sport yn Nederlân wurd droegen troch de eigen leden. Hoe breder dat draachflak is hoe sûner de feriening! It is fantastysk dat ek dizze feriening der hielendal foar giet om it fûnemint fan harren feriening te ferstevigjen.’

    ‘Iederien hat it drok, mar wat dwaan foar jo feriening dat heart der by’ sa stelt foarsitter Douwe Kooistra. “ Ûs fraach sil net wêze wa der wat wol dwaan, mar wat men wol dwaan. Foar eltsenien is wol iets passends te betinken.”

    Yn de moanne febrewaris sille safolle mooglik leden persoanlik benaderd wurde om mear foar de feriening te gean betsjutten.

    X