Additional menu

Priiswinners Bouke Fopma Partij snein 7 septimber 2014

  • BF1
  • BF2
  • BF3
  • BF0

Mei in nije opset fan ûs lêste ledepartij, 18 partoeren, in knappe stiper en skitterend waar wiene olle fasetten oanwêzich om der in moaie keatsdei fan te meitsjen. Mei de partoeren ferdield oer trije klassen waard de earste slach slein krekt wat oer tolven. Eltse klasse bestie út twa poultsjes fan trije partoeren.

Yn de C-klasse waard de finale keatst tusken Pieter Wesselius, Jitske Veldman en Djoeke Eringa tsjin it partoer fan Marije de Vries, Jildou Jorritsma en Jitske Plantinga. Wêr’t Marije en dy maklik de finale hellen, 2 kear winst, hiene Pieter en dy mear muoite. Mei mar 2 tsjin-earsten minder as supersenioaren Jan, Pyt en Wouter giene ek sy nei de finale(je kinne de mannen noch hyltyd net útpoetse). Marije en dy begûnen as favoryt mar koene dit net wier meitsje. Mei 5-4 en 6-4 gie de winst nei Pieter, Jitske en Djoeke.

De B-klasse kryg in finale tusken Jeen Houtsma, Jos Houtsma en Tsjipke Klaas Okkema tsjin de Kûbaarder mannen Jurjen Eringa, Menno Eringa en Sjoerd de Vries. Wêr’t it by de Kûbaarders yn de poule sa poerbêst gong kamen sy der yn ‘e finale net oan te pas en ûnder lieding fan Tsjipke Klaas gie de winst mei 5-2 en 6-0 nei syn partoer.

De A-klasse wie mei ferskate keatsers kwa nivo goed fertsjintwurdige,mar  betiden wie dit net oan it keatsen ôf te sjen. In finale tusken Hille Folkerts, Pieter Sieperda en Jort Strikwerda tsjin Jurre Rinia, Marco Weijer en Jan Weijer(tochten sy miskien dat it famyljekeatsen wie?)wie it resultaat fan beide poultsjes(beide twa kear winst). Jan probearre it noch mei wat roppe en balte, mar de krânsen giene dochs nei it partoer fan Hille, 5-1 en 6-2.

Ús stiper Bouke Fopma hie snein net folle gelok mei it keatsen, mar as wedstrydlieder, seremoanjemaster en net te ferjitten gasthear sloech Bouke foarbêst op.

Wy as Keatsferiening Wommels wolle him hjir tige foar betankje.

Dizze wedstrydopset is ús tige nei it sin west en wy sjogge út nei folchend jier.

Bestjoer Keatsferiening Wommels

X