Additional menu

Priizen ôfrûne wiekein

    Dat in goed foarbyld goed folgjen docht blykt dit wykein mar wer ris. Erik Haitsma hat ynspiraasje opdien neidat Anne Brouwer foarige wike de krânse pakte yn Harns by de 50+. Nei in twadde priis op de sneon gie Erik snein wol mei de priis nei hûs ta. Mei syn maten Dirk-Yde Sjaarda fan Easterein en Siebe Greidanus fan Wjelsryp pakte hy de krânsa by de twaddeklas partij yn Arum troch it partoer fan Ane-Jan Knol, Sjoerd Teake Kooistra en Leon Bekema yn’e finale te ferslaan.

    Syn broer Jacob Klaas mocht ek nei Arum ta te keatsen, en hy die it ek nei fertsjinsten. Tegearre mei syn fêste maten Pieter van Althuis en Patrick Scheepstra wûn hy de tredde priis by de eersteklassers en sa binne sy by famylje Haitsma it seizoen goed begûn.

    By de famkes kategory stiene 4 Wommelser froulju op’e list en 2 dêrfan giene mei de tredde priis nei hûs. Martzen Deinum die dit tegearre mei Jeanette Jelsma fan Dronryp en Jennie Terpstra fan Mantgum en Sjanet Wynia dy’t dit mei Andrea Kroes fan Gauw en Anne-Rixt Cnossen fan Boalsert.

    Ek Welmoed Porte (Pupille famkes) kin wer in priiske yn de priizekast sette. Op it fjild fan LKC Sonnenborgh yn Ljouwert mocht sy foar de ‘tinte’ komme om in tredde priis yn ûntfangst te nimmen.

    Olle priiswinners fan herte lokwinske.

    X