Additional menu

Rinse van Beem overleden

    Rinse van Beem.

    Yn syn keatsers tiid wiene hege ballen efteryn syn specialiteit. At dat slagge en de keats kaam net foarby dan koene je him genietsjen sjen en oars liet er dat wol hearre. At it net slagge dan wie it krekt it tsjinstelde.

    Rinse hat fan 1992 oan’t 2002 yn it keatsbestjoer fan Wommels sitten. Wedstriidsaken en it regeljen fan karmasters en frywilligers foar de Freule wiene syn wichtigste taken. At de Freule der wer oan siet te kommen lei syn húskeamer fol mei bryfkes wérop adressen/tillefoannummers en soks sa wat stiene. Rinse koe allinne der it paad yn fine en it kaam altyd klear. Els hie/hat syn gewoantes. Rinse gong altyd nei ôfrin fan in wedstriid en nei it oprêden as lêste noch in kear it fjild om. Lipkes fan blikjes drinken, kauwgom en oar lytsguod wiene dan syn proai.

    Nei dizze bestjoers perioade hat hy him talein op de listferkeap fan de Freule, dizze rûn wat efterut. By de ferkeap heart in praatsje wie syn motto. Hy fûn it neat dat de list letter nei trije siden gong en dan ek noch yn dy felle kleuren. Ek mochten se fan Rinse net djoerder wurde dan fyftich euro sint. Tegearre mei syn maat Cor Faber hat hy der mei foar soarge dat se wer mear tradisioneel waarden.

    Hast tsien jier hat er mei syn broer Siemen de listen oané man/frou brocht. In protte minsken kinne en werkenne, belangstelling toane, in smout praatsje en faaks as ôfslúter syn typerende golle laits wiene it hannelsmerk.

    De lêste jierren kaam yn syn libben de stuit hieltyd tichterby te lizzen oan’t er net mear yn koe!

    Rinse bedankt!

    X