Nei de net ol te suksesfol ferûne NK Senioaren ôfrûne Pinkstermoandei, gjit de NK-reeks fjidder mei de kategory Jonges en Famkes.
De jonges fan Wommels, Pieter Sijtsma, Wiebe Heeres en Habtamu de Hoop, meie nei Stiens ta en moatte yn de earste omloop tsjin Achlum. Favoryt foar de oerwinning is Frjentsjer en inkele outsiders binnen Makkum en Menaam.
Hedwich de Boer, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia reizgje ôf nei Dryls foar it Nederlânsk Kampioenskip en sy meie de earste omloop tsjin Minnertsgea. Wommels wûn de fjouwer foargeande ôfdielingswedstriden en is dermei favoryt foar it kampioenskip.
Sawol de Jonges os de Famkes meie lyk los en de wedstriden begjinne om 10.00 oere.
De folsleine listen binne te finen op de side fan de KNKB, www.knkb.nl