Martzen Deinum, Hester Bruinsma en Habtamu de Hoop, leden fan de KF Wommels, bin útnoege foar de 33ste Takomstpartij yn Easterbierum op 1 july. Der binne foar dizze partij 24 jongens en famkes útnoege út de jongens en famkes kategory. Sy moatte hjirfoar 70 koeken de man à €2,- ferkeapje as ynlis, dit binne dus 210 koeken yn Wommels!!! De opbringst gjit nei ‘Visio locatie de Brink in Vries Drenthe’. Dit jild wurd brûkt foar in chill en buortersplak foar bern mei in geastelike, lichaamlike en fisuele beheining. Hjir wenje ek in protte fryske bern, ûnder oare Arjen Bergsma (broerke fan 1e klasser Marten Bergsma en famkes keatser Anne Bergsma ut Minnertsga)
De earste “Takomstpartij waard hâlden yn 1983 foar de zwakkeren yn de maatskippy neamd “DE STERKE VOOR DE ZWAKKE”.
Wy wolle graag ús best dwaan om ús koeken en ynlis jild a 140 euro by elkoar te krijen.
Hjirfoar binne de keatsers seker de hulp fan de ynwenners fan Wommels nedich dus hjirby it fersyk fan Martzen, Hester en Habtamu om allegear in hearlike koeke te keapjen!
Foar mear ynformaasje oer Visio locatie de Brink in Vries Drenthe sjoch: http://www.visio.org/nl-nl/wonen-dagbesteding/woonlocaties/de-brink
Groetnis Martzen, Hester en Habtamu