Additional menu

Utslaggen earste keatswykein 2018

  • Sjanet yn Easterein

It earste keatswykein fan 2018 sit der wer op. De prizen bin ferdielt en der gongen ek wer in pear mei werom nei \wommels ta. By de haadklasse froulju wie de krans foar Sjanet en har maten. (it sil ek net de leste weze foar dit toppartoer) Anna-Brecht behelle de tredde priis. By de froulju 1e klasse wie der in 2e priis foar Hester yn de ferliezersronde. By de jonges hie Wessel de tredde priis, by de famkes Rixt in twadde. Allegearre lokwinske!!! Mear priiswinners koe ik (noch) net fine, dus mocht ik immen fergetten weze, dan hjer ik dat graach.

X