Additional menu

Utslaggen en nijsberjochtsjes

  • poster 2
  • poster 1

Juster in slagge dei hawn mei de famyljeparty, it wie moai waar en de utslach en foto’s moat noch komme. Fierder wer in oantal prizen dit wykein troch de Wommelser keatsers en keatsters meinommen nei hus. By de froulju’s haadklasse wie der in 2e priis foar Sjanet en Martzen. De Jonges wiene te keatsen yn Lollum, hjir wie de krans yn de B-klasse foar Luka, de tredde priis is wat undudelik, yn myn mail stie in 3e foar Jente, yn de utslaggen in 3e foar Jelle…….. Ek wie der in 2e yn de f.r. foar Wessel. Fierder wie der op freed federaasje yn Winsum, hjir wie der de 2e priis en winst yn it totaalklassement foar de pupillen Sietse, Johan en Milan. De skoallejonges Folkert en Gerbrand pakten hjir de 1e priis en wiene 2e yn’t totaalklassement. Allegearre wer lokwinske.
Snein stjit it teatsen op it program, der kin noch wol in oantal minsken by op de list, doch de opjefte noch efkes fia us webside as by it bestjoer. Snein oer in wike is der de Ale de Jongpartij, it bestjoer ferwachtet in grutte opkomst werunder in oantal topkeatsers. Yn elts gefal dogge se harren best om dizze partij wiidweidich te promoten, oerol wurde posters ophongen, as it no net mear in sukses wurde sil……

X