We hawwe wer in keatswykein hawn, prachtige wedstriden, werunder de junioarenbond en de senioarenbond, spittich wiene hjir foar de Wommelser manju gjin prizen mei te nimmen nei hus. Fjirder wiene der op sneon foar alle KNKB jeugdwedstriden in nije opset betocht. Alle dielnimmers koene trije kear mei ferskillende maten keatse, wernei de prizen ferdielt waarden, in Wommels wiene it de pupillenjonges en hjir behellen Milan en Luuk beide in 4e priis. De famkes wiene yn Wynaam en hjir wie de 5e priis foar Rixt. By de froulju haadklasse wie der in 2e priis foar Sjanet en in 3e priis foar Martzen.