Additional menu

Útslaggen Keningsdei

    Moandei 27 april wie ús earste ledepartij. In gewoane list mei 16 partoer by de senioaren en in poultsje fan 4 partoer by de supersenioren/froulju. Út de wyn en mei wat sinne wie it ek foar de taskôgers bytiden bêst te dwaan. Foar de measten wie it de earste kear dat it baltsje wer troch de hân rolle. By de senioaren wie der ien partoer dat der dochs wol wat boppe-út stuts.

    Dat wie it partoer fan Habtamu de Hoop en Jelle Wiersma. Oant de finale ta mar 2 earsten tsjin en dêr troffen sy it partoer fan Durk Klijnsma en Johan Bos. De finale gie lyk op mar op 5-4 6-6 gienen de krânsen en de Fizel-bonnen nei Habtamu en Jelle.

    By de supersenioaren/froulju wiene der twa partoeren dy einigen mei itselde oantal foarearsten. En doe moast it oantal tsjinearsten utslútsel jaan. Arend de Schiffart en Annette Meijer- Wijbenga hiene 16 tsjinearsten mar Jan Bootsma en Jeannet Bos 14 tsjinearsten en dus gienen de krânsen nei Jan en Jeannet.

    De priiswinners fan de Keningspartij

    Senoairen

    1e Habtamu de Hoop en Jelle Wiersma

    2e Durk Klijnsma en Johan Bos

    3e Eeltje Postma en Robin van der Weg

    3e Kees Adema en Esther Hoitenga

    1e ferl. Tsjipke-Klaas Okkema en Eddy Visser

    2e ferl. Johan Delfsma en Wytze Yntema

    Supersenioaren/froulju

    1e Jan Bootsma en Jeannet Bos

    2e Arend de Schiffart en Annette Meijer- Wijbenga

    X