Nei de ynhâld

Utslaggen ôfroune wykein 24, 25 en 26 maaie.

Alwer moandei, dus wer in wykein fol keatsen efter de rech. Tongersdei in dûbbele ledenpartij, tink jim noch efkes om de opjefte? Dan hjir wat utslaggen fan it ôfroune wykein, ik haw net alles trochkrigen, dus kin der wat misse, foaral de utslaggen fan federaasjepartijen bin wat lestich werom te heljen, gelokkich bin der in pear feste mailers mei de utslaggen, betanke der foor!! Op freed wiene der ôfdielingswedstriden foar alle jeugd by de federaasje, By de jeugd oan’t 9 jier gie de earste priis nei Zenn, Evan en Yorrick, by de jeugd oan’t 11 jier wie der de 2e priis foar Johan en Sietse. Ek wer folop KNKBwedstriden. By de froulju HK wie der sneon in 3e priis foar Rixt en Sjanet. Snein in 2e priis foar Anna-Brecht en Martzen en in 3e priis foar Sjanet. By de 50+ wie der in 2e priis yn de herkansing foar Bertus en by de jonges hie Jente in 3e priis. Lokwinske en op nei it kommende wykein!!!

Foto’s by dit artikel

Klik op in foto om dy grutter te besjen.

Mear nijs

Freule – weromblik

Freule – weromblik

16 augustus 2026
Alle nijs
Werom nei boppen
Freulepartij