Ófrûne snein 7 juny wie it jierlikse pearkekeatsen, mei sawol in A- as in B-klasse. Yn de A-klasse 2 poultsjes fan 3 partoer mei in finale tusken de bêsten fan beide poules. Yn de B-klasse in gewoane list mei 14 partoer.
Klik op ‘lês mear’ foar de priiswinners fan de kadobonnen fan Túnsintrum Gaardenier en Twatsjillers De Jong.
A-klasse
1e priis : Jildou Jorritsma en Jort Strikwerda 2e priis : Esther Hoitenga en Tsjipke-Klaas Okkema
B-klasse
1e priis : Johanna Atsma en Jurjen Eringa 2e priis : Tina Maria Greidanus en Johannes Wytse Heeg
1e priis ferl. : Joutsen Okkema en Jeen Houtsma(foto) 2e priis ferl. : Elke Sanne Hiemstra en Broer Greidanus
De foto’s fan alle priiswinners binne te finen ûnder Foto’s- – > Foto’s 2015. At jimme jim ôffreegje wêrom Jan Mulder op de foto stjit en net Esther Hoitenga, sy moast op jierdeibesite.