We bin allegearre bliid dat we dochs dit jier wer los bin mei it keatsen. De kompetiesje rint al in skofke en we hawwe de earste ledenpartijen ek al efter de rech (sjoch foar de foto’s op us facebook), in folgende stjit alwer op it program. Ek de KNKBwedstriden begjinne wer en dus efkes in rountsje lans de fjilden om te sjen welke Wommelser/Kubaarder toppers de kleuren fan us KF heech halde sille. We begjinne mei sneon en snein de HK foar manlju, no op de list in EastereinerWommelser (as oars om…) Jelte- Pieter…. By de HK froulju foar sneon twa Wommelser froulju: Sjanet en Martzen en einliks ek noch in bytsje fan us, de no yn Ljouwert wenjende Anna-Brecht. Fierder op sneon by de jonges ff Luka en Milan van der Weg, by de pupillenfamkes: Rens Bos, Klaske Gaastra en Inez Bakker.
Fierder noch op snein by de skoallejonges, Milan van der Weg en Johan Gaastra.
As ik ien oer de holle sjoen ha, dan hjear ik dat graach.
Mar eltsenien in protte sukses!!!!!
We bin wer los!!!
Mear nijs
Steun onze kaatsvereniging met Dappre
13 oktober 2026
Freule – weromblik
16 augustus 2026
Nachtkeatsen freed 21 augustus
16 augustus 2026
Vacature: bestuurslid KF Wommels
28 maaie 2026
Straatkaatsen – Wommels
27 maaie 2026




