Dit wykein gjit it keatsen echt begjinnen, stean der foar sneon noch mar twa wedstriden op it program, snein komme alle leeftiden yn alle klassen yn’e krite. De opjeftes bin allegearre slúten, dus wie ik efkes nijskjirrich wa’at de Wommelser kleuren oerol fertsjintwurrichje sille. Doe moast ik spitternoch efkes oan it sprekwurd tinke wer’t ik mei begong bin, want de graue gong mei oer de grize….. Sneon begjinne we goed, sis mar poerbest, by de junioaren ofdieling sil Pieter Sijtsma en Habtamu de Hoop Wommels fertsjintwurdichje, by de froulju haadklasse ofdieling ha wy us topfroulju, Anna-Brecht, Sjanet en Martzen.
Mar dan oer nei it programma fan snein, it begjin is wer poerbest, Manju haadklasse: Jacob-Klaas, manlu 50+ Anne Brouwer, Froulju haadklasse/1e klasse v.f. 4 froulju mei harren maten, Sjanet, Martzen en de suskes Anna-Brecht en Hester. Jonges, Luka vd Weg en Wessel Schraa, famkes, Elske Deinum, Rixt Wijnia en Marrit Meijer.
Mar dernei haldt it net mear oer, by de pupillenjonges noch Milan vd Weg en by de welpenjonges Sietse Jellema. Kom ik fierder by de klassen Skoallejonges, skoallefamkes, pupillenfamkes en welpenfamkes gjin Wommelser op de list.
Hoe moat dat oer pak ‘m beet een jier as 5 op de Freule en de Ald-Meijers…..
No, noch net te swier tinke, dat is miskien fan lettere soarch, alle dielnimmers en dielnimsters in hiele protte wille en sukses en nim mar moai wat prizen mei nei Wommels.