Ôfrûne woansdei wie de 122ste Freulepartij. Wommels naam it de earste omloop op tsjin Snits en wûn mei 5 -2 6-4 fan Snits. Twadde omloop moasten se tsjin Wytmarsum. Ek dizze omloop wûnen se mei 5-4 6-6. 3e omloop nammen se it op tsjin Hearrenfean en wûnen se mei 5-3 6-0. 4e omloop tsjin Minnertsgea dy se wûnen mei 5-3 6-2. Toen de heale finale! Dit hiene se begjin fan de dei net ferwachte. Se moasten it opnimme tsjin ien fan de favoriten Seisbierrum. Spitigernôch wie Seisbierrum yn top foarm en wûnen mei 5-0 6-4 fan Wommels. In fantastyske prestaasje fan Sietse Jellema, Johan Gaastra en Milan fan de Weg mei it beheljen fan de 3e priis. En fansels coach Jelte Pieter Dijkstra net te ferjitte as coach.
Henk Bootsma het prachtige aksje foto’s makke. Klik hjir om se te besjen.