Additional menu

Yn memoriam

    Yn koarte tiid binne twa warbere leden fan ús K.F. ferstoarn.
    In pear wike lien Bep Custers en ferline wike Hans Klynsma.

    Bep Custers hat yn it ferline gauris yn de kantine stien en dan faak mei har freondin Djoke. Grientesop wie har specialiteit.
    Ek mei it opstarten fan de nije kantine wie hja tige warber, je koene sjen dat hja nocht oan de horeca hie; mei sop en broadsjes bûten en binnen de linen by de frywilligers del, in praatsje en grapke, dan sloech hja foar bêst op!
    In pear jier lyn waard it skjinmeitsjen en it oare wurk har tefolle, mei pine yn it hert joech hja oan dat se it net meer dwaan koe.

    Ferline wike waarden we opskrikt troch it berjocht dat Hans Klynsma stoarn wie.
    Unbegriplik dat ús keatsmaat nea wer op en om it Wommelser keatsfjild te finen wêzen sil.
    It byld sil ús bybliuwe; Hans oan it bankfervjen, Hans as karmaster, Hans mei it kantine ferbouwen en by de Freuleopbou; at der wat te dwaan wie, wie Hans der!!
    Sûnt koarten noch aktyf mei it keatsen yn de seal en simmers op moandeitemiddeis op it fjild.
    Deis foar de Freuleparty mei Wouter de ferkearsbuorden ensf. delsette en de deis “after” wer ophelje. Humor as jonge hûnen en de K.F. koe der op fertrouwe dat it goed kaam.

    Ut eardere tiden bliuwe de bylden fan de Familieparty op it “netvlies”, Durk, Reitse en heit Hans, mei Maaike op de bank. De tsiis net fan de bôle ite litte en gauris mei trije krânsen op hûs oan, net daliks fansels, earst alles oereidzje mei in glêske bier en in protte wille.
    De Klynsma’s hiene ek bûten de touwen genôch boppeslagen!

    Bep en Hans bedankt foar alles, we sille jim tige misse.

    K.F. Wommels

    X