Karmasterkommisje bestiet ut Jeannet Bos, Theunis Boonstra en fan ut it bestjoer Tineke Huitema. Dit jier ha we oan it begjin fan it keatsseisoen in útnoeging bij us warbere leden troch de doar brocht om je oan it begjin fan it seizoen op te jaan bij in keatswedstriid te karmasterjen. En koene je op de side sjen wannear as je verwachte waren.
We binne 5 maaie starten mei knkb famkes A en B wer we 12 karmasters fan de kf foar hiene.
Knkb pupillen famkes A en B 25 maaie wer harren 10 karmasters foar oanmelden hiene. Theunis noch wer troch it doarp wist is om karmasters op te skarreljen.
Skoaljonges 7 juli wer 15 karmasters oan e bak woene.
Bij de wedstriden wer we net genôch karmasters hiene binne de plakjes opfolt mei stipe fan de âlders.
Freule Karmasters
De ferdieling fan de taken wie Jeannet Bos regele karmasters Freulehaadfjild en Theunis Boonstra karmasters bijfjilden wer we elkoar bij stipen. In grutte put wurk dat foar de simmer fakânsje foar it grutste part regele is. De karmasters witte dat se utnoege binne.
Dit is ek de taak die Jeannet en Theunis folgjend jier wer dwaan wolle.
As lêste partij 25 augustus de Ale de Jong partij wer 19 karmasters sin oan in moaie partij hiene om op de line te sitten. En neffens mij moaie omlopen sjoen ha.
In neidiel fan je al betiid oanmelde is je binne it fergetten of je aginda is feroare. Koe Theunis wer hiel wat rûntsjes troch it doarp fietse om karmasters te ronseljen. It wie soms krekt de toto 3e karmasters der bij fûn en sa seine der ek wer trije of omdat har aginda feroare wie. Hij waar der wolris wat moedeleas fan.
Tige tank oan alle karmasters die harren dit jier ynset ha foar de kf.
Namens de karmasterkommisje
Tineke Huitema