4e priis jongens yn Makkum

Ôfrûne snein pakten Arnout Meijer, Jan Sijtsma en Habtamu de Hoop in knappe 4e priis op de ofdielingswedstriid foar jongens yn Makkum. De earste omloop hienen de mannen een makje, Goënga kaam net opdaagjen.

De 2e omloop hienen de mannen it in stik dreger, mar der waard, mei wat gelok, 5-5/6-6 wûn fan Menaam. Dit joech de jongens wer wat fertrouwen, want it gong de lêste tiid net super. De 3e omloop troffen sy Skettens-Longerhouw. Nei de 2e omloop rûn it wer lekker yn it petoer, en dat wie te sjin. Skettens-Longerhouw waar der ôfslein mei 5-2/6-2.

Tsjummearum wie op papier krekt wat te sterk foar disse jongens, mar op it fjild wie dat net te sjen. Sy makken een protte flaters en it stie sammar 4-1 foar it partoer fan Wommels. Doe tochten de mannen fan Tsjummearum: “tot hjirre en net fjirder”. En dat wie te sjen, de ballen foelen wer binnen en it stie sammar wer 4-4. Dizze opdonder kamen de jongens net mear te boppe. Úteinlik waard it 5-4/6-2 foar it petoer fan Tsjummearum.

Dochs mar wer in 4e priiske foar de jongens, lokwinske.