Broer en Douwe winne it Nachtkeatsen

Nei in wiete middei wie der by inkele keatsers wol wat twiifel oer it wol of net trochgean fan it Nachtkeatsen freedtejûns. Mar de Terp lei der goed by en de ferljochting die syn wurk. Ek oan inkele fanatyke supporters gjin gebrek, sy swypten it keatsen op. Ek wie dit de manier op wat waarm te bliuwen, want letter op ‘e jûn waard it fry kâld foar de tiid fan it jier.

In list mei 11 partoer, partoeren fan twatallen en in winners- en ferliezersronde. Keatsen mei de grutte bal betsjut oltyd in soad striid en tuskenspul. Dit wie freedtejûn net oars. As hichtepunt yn ‘e earste omloop de party tusken Jelle en Marije tsjin Eeltje en Elke. Sy pakten hast elk punt mei en sa waard it dus ek ‘olles oan ‘e hang’. Úteinlik wûnen Eeltje en Elke de party. Ek Johan Delfsma liet fan sich sprekke. Foar de wedstriid, noch gjin bal oanrekke sei hy it folchende; “Olles dot my sa sear, wat doch ik hjir eiliks..”. It wie wol dúdelyk dat hy himself en syn maat Nienke graach yn de posysje os underdog pleatste, want hy joech de iene nei de oare sitbal. Dit wie yn ‘e twadde omloop wol oars, want sy fleagen der mei 5-0 6-2 ôf tsjin Jan en Tina Maria. Miskien toch lêst fan it liif, hy wie dan ek de âldste keatser op it fjild.

Jan en Tina Maria hiene yn ‘e tredde omloop in steand nûmer, en sa giene sy troch nei de finale. De heale finale gie tusken Broer en Douwe tsjin Tjeerd en Cornelis. Douwe en Broer keatsten hast sûnder fouten en kamen al gau op in 4-0 foarsprong. Tjeerd en Cornelis pakten noch in buordsje, mar úteinlik wûnen Broer en Douwe fry maklik. De heale finale yn ‘e ferliezersronde gie tusken Gerben Jan en Aaltje tsjin Jelle en Marije. Wer in lange party foar Jelle en Marije, en ek dit kear lutsen sy oan it koartste ein. Gerben Jan en Aaltje wûnen mei 5-5 en 6-4. Anke en Klaas Bouke wiene doe ol wis fan in finale-plakje.

Beide finales giene lyk op. Gjin partoer koe in gatsje slaan. Broer en Douwe wiene krekt wat kompleter en sa wûnen sy de krânse, 5-4 en 6-2. By de ferliezers gie de winst nei Anke en Klaas Bouke, yn it beslissende earst wiene sy krekt wat skerper, 5-5 en 6-2.
De priiswinners:

  • 1e priis;  Broer Jacob Greidanus en Douwe Kooistra
  • 2e priis;  Jan Mulder en Tina Maria Greidanus
  • 3e priis;  Tjeerd de Vries en Cornelis Bruinsma
  • 1e priis ferl.;  Anke Winkel(Hyum-Feinsum) en Klaas Bouke Faber
  • 2e priis ferl.;  Gerben Jan de Vries(Ljouwert) en Aaltje Postma

Tank oan de frywilligers foar it spylklear meitsjen fan it fjild en de Jimbar foar de geselligens.

It bestjoer