Additional menu

Dronryp wint de Bunspartij.

  • NK 1
  • Dronryp NK

Dronryp wint de bunspartij foar skoallejonges. Yn de finale wie it dien foar it partoer fan Berltsum op 5-3 6/6. De lytse premies wiene der foar Eksmoarra en de trije doarpen (Niawier, Metslewier, Easternijtsjerk). Wommels woun de earste omloop mei 5-0 6/6 fan Reduzum, de twadde omrin wiene de lettere winners, Dronryp, in maatsje te grut. op 5-1 6/2 koene de Wommelser jonges under de douche. Der stiene 29 partoer op de list en der wiene moai wat taskoggers, in moaie keatsdei.