Additional menu

Ferslach Karmasterkommisje

    Ek it ôfrune keatsseizoen wie de karmasterkommisje ferantwurdlik foar it sykjen fan karmasters foar de folgjende KNKB wedstriden:

    Snein 10 Maaie Pupillen Jonges A+B klasse
    Sneon 23 Maaie Famkes A+B klasse
    Sneon 27 Juny NK Pupillen famkes
    Sneon 11 July Froulju 1e & 2e klasse
    Snein 30 Augustus Heren 1e klasse Frije Formaasje (Ale de Jong)

    Klik op “Lês mear” foar it folsleine ferslach.

    By de earste party wiene der krekt genôch karmasters op de linen. By de twadde keatsparty wiene der eins te min karmasters mar hat it sich dochs rêden. De folgjende partij wie in wier NK. Begryplyk woene wy doe graach alle linen beset hawwe. Dizze kear wiene der gelokkich genôch minsken ree fûn om te karmasterjen en it wie al mei al in slagge dei. De Froulju 1e en 2e klasse partij stie doe op de aginda. Dizze dei wiene der genôch manlike frijwilligers paraat om op de line te sitten. Ek dizze dei wie tige slagge. By de jierlikse Ale de Jong Party moasten op alle linen wer in karmaster sitte. Appie Posthumus is doe ynskeakele om te helpen by it sykjen fan de karmasters. Op de dei sels die bliken dat alles poerbêst foar elkoar wie en ha we wer in moaie keatsdei hân.

    Al mei al die bliken dat ek dit jier wer it finen fan karmasters foar de KNKB partijen dreech is. It hat him dit jier allegearre wol rêden mar lang net altyd mei de ideale fjildbesetting wer nei stribbe wurd. Wy hoopje dat leden fan de KF nei it lêzen fan dit stikje folgjend jier miskien wat makliker ja sizze op in dei/moarn/middei te karmasterjen.

    Ta beslút wolle wy uteraard alle karmasters fan dit jier hartlik tank sizze en hopelyk wolle jim KF Wommels takom jier wer helpe!

    De Karmasterkommisje

    X