Froulju winne yn Wytmarsum

Anna-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Anke Marije Pompstra ha snein yn Wytmarsum de earste priis wûn by de ôfdielingswedstryd foar froulju haadklassers. Yn’e finale waard Easterlittens mei 5-4 6-2 ferslein.

Foar Anna-Brecht wie dit de twadde krâns fan it wiekein, sneon by de froulju 1e klasse t.e.l. yn Pingjum wûn sy mei Riska Bouma en Geke de Boer de priis.