Additional menu

Jeu de Pelote en Keningspartij

  • pelote 3

Juster de twadde partij foar de manlju’sploech Jeu de Pelote. De earste wedstriid wie yn en tsjin Spannum, hjir waard wun mei 10-3. Juster de earste thuswedstriid tsjin Weidum-2. In moaie striid, mei goed keatsen waard it 10-6 foar de Wommelser manlju.
Fierder is de lotting west foar de Keningspartij, hast 90 keatsers en keatsters sil “acte de presence” jaan, wat in moaie opkomst!