Kompetysjekeatsen (5)

Somtiden wurd der spannend keatst, mar der binne ek fan dy dagen dat it gau beslist is. Justerjûn wie it sa’n dei, de fiifde ronde fan it kompetysjekeatsen. Ús oprop fan foarige wike hat net elkenien berikt want Djoeke wie wer de ienichste frou, dêrom noch mar ris; Wy hoopje wol dat sy de folgjende kear tegearre mei oare froulju keatse kin. Dan kin der sawol in mannen as froulju klassemint byholden wurde.

Klik op ‘lês mear’ foar it folsleine ferslach.

Ek dit kear wer in nij gesicht. Lieuwe Meijer hat syn keatswant opskarrele en mocht it tegearre mei Folkert Wijnia en Wesley van de Wint opnimme tsjin Jort Strikwerda, Djoeke Eringa en Bouke Fopma. It partoer fan Lieuwe wist de romte fan it fjild goed te benutten en wisten it swakke plak fan de tsjinstander(wy sille gjin namme nimme) gau te finen. It waard 5-1 en 6-6.

Dy oare partij gie tusken Jurjen Eringa en Bauke Terpstra tsjin Jeen Houtsma, Jelle Jan Sybrandy en Sybren Hoekstra. Lêstneamde hat te winkeljen west en koe sich wer op it fjild fertoane, mar syn nije outfit brocht him net mear dan 2 punten foar it klassemint, it waard 5-2 6-4 foar Jurjen en Bauke. Der steane noch 4 jûnen op it programma en it soe moai wêze ot wy der noch in perkje bylizze kinne.

De tuskenstân is te finen ûnder ynformaasje – – > kompetysjekeatsen. Tongersdei om 19.30 de folgjende kompetysjerûne.