Wommels knap twadde yn Tsjummearum

Tongersdei by de heren haadklas ôfdielingswedstryd einige Wommels mei Redmer Strikwerda, Erik Haitsma en Jacob-Klaas Haitsma dochs wol ferrassend as twadde. Yn’e finale waard mei 5-2 en 6-4 ferlen fan St. Jabik. Wommels behelle de finale mei oerwinnings op Tsjummearum, steand nûmer, Grou, It Hearrenfean en Wytmarsum. Pinkstermoandei 25 maaie is it Nederlânsk Kampioenskip yn Frjentsjer.