Gearwurking jongereintrainingen KF Easterein en KF Wommels!
Neidat we it ôfrûne keatsseizoen sammelik in ledepartij organisearre ha (‘The Battle’), wolle wy graach ús gearwurking fierder útwreidzje. Dit wolle wy dwaan troch mei yngong fan takom jier de jongereintrainingen foar ús pupillen oant en mei de jonges/famkes tegearre op te pakken.
Troch ús trainingsgroepen te kombinearen kin elts lid safolle mooglik op syn of har eigen nivo traine, ûnder lieding fan ús diplomearre train(st)ers.
Mei dizze gearwurking sjogge wy in kâns om it keatsen yn syn algemien en ús leden yn it bysûnder noch better te betsjinjen en harren te enthousiasmeren foar dizze moaie sport.
Mear ynformaasje folget ynkoarten! Hâld ús webside en sosjale kanalen goed yn de gaten. Nim foar fragen gerêst kontakt mei ús op.
Mei freonlike groetnis,
Dirk-Yde Sjaarda
Foarsitter KF Easterein
foarsitter@kfeasterein.nl
Douwe Kooistra
Foarsitter KF Wommels
voorzitter@kfwommels.nl